Ald-Arisspiler fêst foar moard

04 des 2013 - 16:03

Ald-Arisspiler Gerad Punch sit sûnt july yn Amearika fêst foar moard. De basketballer soe meidien hawwe oan de smokkel fan yllegale arbeiders. Dêrby is in ymmigrant om it libben kommen. Yn it buske dêr't hy mei oaren yn smokkele waard rûn de temperatuer op oant sa'n 80 graden.

Punch waard yn 2012 yn Drachten oanhâlden foar de berôving fan in man. Hy wachte syn rjochtsaak lykwols net ôf en gie werom nei Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)