Albinoseehûn yn kresj oankaam

16 okt 2010 - 15:03

De jonge albinoseehûn dy't freed op Flylân fûn is, is oerbrocht nei de seehûnekresj yn Pieterburen. It seldsume bist is wyt mei reade eagen. Hy hat in longynfeksje en krijt dêr yn Pieterburen in behanneling tsjin.

It giet om in mantsje fan goed fjouwer moanne âld. Hy waacht 20 kilo en dat soe it dûbelde wêze moatte. It bist sit ûnderwilens yn karantêne yn 'e seehûnekresj. As alles goed giet, wurdt er oer trije moanne wer loslitten op it Waad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)