Albinokamiel op It Hearrenfean

23 apr 2012 - 16:20

By it Dútske sirkus Renz dat syn tinten op It Hearrenfean opslein hat, is in albinokamieltsje berne. Dresseur Sarina Renz is wakker wiis mei it kamieltsje mei it wite fel.

De besikers fan de foarstellings op It Hearrenfean meie in namme betinke foar it bistje. Dejinge dy't de winnende namme leveret, kriget frijkaartsjes. It wite kamiel ferskynt pas oer trije jier yn de sirkuspyste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)