Albert Rusnák fan Cambuur nei FC Grins

18 des 2014 - 15:54
  • Albert Rusnák

Albert Rusnák spilet sneon syn lêste wedstriid foar SC Cambuur. De middenfjilder makket de oerstap nei Grins. Hearrenfean, dat ek ynteresse hie yn Rusnák, fisket dus efter it net.

Grins nimt de Slowaak oer fan Manchester City, wêrfan Cambuur him hiert oant 1 jannewaris. De Ljouwerters woene Rusnák ek mar al te graach oernimme, mar dat wie finansjeel net mooglik. De thúswedstriid tsjin PEC Zwolle fan sneon sil de lêste fan Rusnák yn it giel-blauwe shirt wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)