Alberda werom by H'Boys

27 maaie 2010 - 21:28
  • Argyffoto Alberda

Tony Alberda spilet it kommend seizoen wer by de Harkemase Boys. De 36-jierrige Alberda spile earder trije jier foar de Boys, mar krige doe, mei syn famylje, spul mei de sponsorgroep fan de sneons topklasser.

De swierrichheden tusken Harkemase Boys en Alberda binne no út de wrâld. Alberda komt yn prinsipe nei de Harkemase Boys om ôf te trainen, mar trainer Henk de Jong slút net út dat hy Alberda kommend seizoen foar de earste seleksje brûke sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)