Alberda op syk nei oar wurk

27 aug 2010 - 06:29
  • Joop Alberda

Joop Alberda moat op syk nei in nije wurkjouwer. Syn hurdfytsploech Cervélo hâldt op te bestean. Alberda is algemien direkteur fan de ploech mei ûnder oare Theo Bos, Thor Hushovd en Carlos Sastre. It is noch mooglik dat de ploech yn in oare foarm trochgiet.

Freed jout de lieding fan de Switserske ploech mear útlis. Alberda begûn novimber ferline jier as direkteur fan de hurdfytsploech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)