Alberda hat neat tsjin Riemer

20 mrt 2013 - 21:47
  • Joop Alberda

Joop Alberda is net bliid mei in skriuwen fan Albert van Keimpema. Neffens Alberda doocht syn ferhaal net. Van Keimpema skriuwt yn syn stik yn de Ljouwerter krante, dat Alberda gjin foarsitter wurde woe fan Sportklup Hearrenfean, omdat Alberda net 'ûnder' Van der Velde wurkje woe. "Dat is niet waar. Ik heb na drie prettige gesprekken met Riemer, twee met Foppe de Haan en eentje met de raad van commissarissen na lang twijfelen, besloten het niet te doen. Dat had niks met Riemer te maken." Alberda gong dêrnei oan de slach yn de Formule 1.

Alberda, berne yn Easterwâlde, is no aktyf yn de roeisport. "In 2004 ben ik benaderd en heb ik na lang twijfelen nee gezegd. Mijn hart ligt nog steeds in Friesland. Of ik het nu zou willen? Dat is niet aan de orde."

Alberda reageart op in stik fan Albert van Keimpema yn de Ljouwerter krante yn de rubryk 'Te Gast'. It giet dêrby om de folgjende passaazje: "Ik hoef alleen maar te wijzen op het peloton clubmensen, trainers en opvolgers dat door hem is geliquideerd. De eerste was Joop Alberda, die met zijn staat van dienst als coach/sportbestuurder de gedroomde opvolger was. Hij bedankte na twee gesprekken met Riemer voor de eer, omdat hij niet ‘onder hem’ (!) wilde werken."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)