Albarello sil tegels museum Boijmans van Beuningen bakke

13 jul 2015 - 17:16
  • De orzjinele treptegel mei kleurproeven

Tegelfabryk Albarello fan Menaam is frege om tegels te meitsjen foar de treppen fan it museum Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam. De treppen fan it museum wurde restaurearre. De nije tegels komme tusken de âlde tegels te lizzen. It ferskil tusken de nije- en âlde tegels mei net te sjen wêze. Dat is dreech om't klaai in oare kleur krijt as it bakt is.

Earder hat it fabryk yn Menaam ek meiwurke oan restauraasjeprojekten oan de gevels fan it Rijksmuseum yn Amsterdam en Paleis het Loo yn Apeldoorn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)