Alarmtest plysje-ME mislearre

22 apr 2013 - 11:07
  • Meldkeamer Drachten

In alarmearringstest foar de mobile ienheid fan de noardlike plysje is folslein mislearre. Dat hawwe boarnen by de plysje tsjin it Dagblad van het Noorden befestige. It systeem wegere tsjinst en sadwaande kamen de ME'ers te let of folslein net opdaagjen op it parkearplak yn Assen dêr't se ferskine moasten.

De alarmtest waard dien op Peaskemoandei. Haad operaasjes fan de noardlike plysje Max Daniel erkent tsjinoer it Dagblad dat de test net goed gien is. De softwarefout is wer hersteld en it nije test gie ferline wike wol goed.

Plysjefakbûn ACP is min te sprekken oer de mislearre test, omdat nei Project X yn Haren alle saken op oarder brocht wurde soene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)