Alarmknop rêdt oerfallen frou

28 feb 2012 - 15:42

Troch har alarmknop yn te drukken hat in 83-jierrige frou út Beetstersweach har twa oerfallers fuortjage. De twa kamen oan it begjin fan 'e nacht har hûs yn troch in rútsje iepen te brekken. De frou lei doe op bêd. Doe't se har besochten fêst te binen, slagge de frou deryn de knop fan har alarmearringssysteem yn te drukken en sa kontakt te krijen mei de sintrale. De oerfallers naaiden doe daliks út.

De twa oerfallers hiene bivakmûtsen op. Dêrom koe de frou gjin goed sinjalemint jaan. Wol is dúdlik dat ien fan de twa in frjemde taal prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)