Alarm om hite tankauto

20 feb 2001 - 15:00

By Johnson Polymer op It Hearrenfean waard moandeitejûn om healwei sanen grut alarm slein. In tankauto mei acrylsoer, in grûnstof fan it bedriuw, drige troch in gemyske reaksje te ûntploffen. Plysje en brânwacht setten de omjouwing ôf.

It slagge de brânwacht lang om let om de tankauto ôf te kuoljen. Pas tsjin tolven waard dúdlik dat der gjin gefaar mear wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)