Alarm oer Knoopcollege

04 mrt 2009 - 21:44

Alden fan bern op it Knoopcollege yn Ljouwert hawwe by de PvdA yn de stêd alarm slein oer de kwaliteit fan de skoalle. Se meitsje har ûnder oaren soargen oer it grutte oantal skorsingen op de skoalle.

Bygelyks as bern in learaar slaan, wurde se in pear dagen nei hûs stjoerd. It foarige skoaljier barde dat sawat 80 kear. Op it Knoopcollege sitte 100 bern tusken de 12 en 18 jier mei slimme gedrachsproblemen. It syktefersom op de skoalle is hiel heech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)