Alaarm fakbûn oer brief Hema

26 jul 2010 - 22:04
  • Opskuor oer brief Hema (foto: Omrop Fryslân)

Fakbûn FNV Bondgenoten slacht alaarm oer hoe't meiwurkers fan de Hema-winkels yn Noard-Nederlân ûnder druk set wurde. Oanlieding is in brief oan it personiel oer syktefersom. De rjochtlinen dêryn betsjutte neffens it bûn dat net de arbodokter, mar de filiaalsjef bepaalt oft immen siik is. It fakbûn wol mei de direksje om tafel om dêroer te praten . De Hema seit yn in earste reaksje dat der sprake is fan in misferstân. De direksje sil in nije brief stjoere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)