Al wer reedriden by Ryptsjerk

28 des 2004 - 10:23

Ek dit jier wie it wer raak by de Ryptsjerksterpolder. Ferzen hat it mar kwalik en it iis is noch tige tin, mar moandeitemoarn waard op it ûnderrûn stik lân al wer reedriden.

Leo Schuil en Juul Heins wiene dit jier, lykas oare jierren, de earsten dy't de izers ûnderbûnen. Fan echt reedriden wie noch gjin sprake, dêr wie it iis noch te tin foar. In pear streekjes, dêr bleau it by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)