Al twatûzen stimadvizen yn Snits

14 feb 2006 - 09:52

De stimwizer fan 'e gemeente Snits hat yn oardel wike tiid al mear as 2000 stimadvizen jûn. Dat is fier boppe de ferwachting. De gemeente Snits set dit jier bot yn op in hegere opkomst. Yn 2002 naam mar 56 persint fan 'e Snitsers de muoite om te stimmen.

De gemeente wol dit jier in opkomst fan op syn minst 66 persint. De stimwizer en de ynset fan in mobyl stimburo binne twa maatregels dy't de opkomst oanfiterje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)