Al tige ier bewenning by Arkum

Opgravings Arkum
Opgravings Arkum

By Arkum ûnder Tsjerkwert is in bysûndere argeologyske fynst dien. Ut opgravings docht bliken dat 2000 jier lyn op dat plak al minsken wennen. Dy bewenners fan eartiids moasten al striid mei it wetter leverje en leinen dêrom in terp oan. It ûndersyk wurdt dien om't op dat plak in lisboksstâl komme moat.

De argeologen binne optein oer wat se oant no ta tsjinkaam binne. Letter moat dúdlik wurde oft yn meunsters dy't naam binne bygelyks sied en pôlen sitte.

Yn de tredde ieu nei Kristus binne de bewenners hjir wer wei tein, om pas ieuwen letter werom te kommen. Takom sneon is der foar elk dy't mear witte wol in iependei yn de saneamde proefsleuf.

(advertinsje)

See video

(advertinsje)

(advertinsje)

Reade Tried

144 is in segen:

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl