Al in soad entûsjasme foar 'Leeuwarden Verwelkomt'

08 sep 2015 - 15:32
  • Flechtlingen dy't yn Nederlân oankomme sille in wolkomstpakketsje krije

Al 1300 minsken ha oanjûn sneon yn Ljouwert in wolkomstpakketsje yn te leverjen foar de Facebook-aksje 'Leeuwarden Verwelkomt'. De pakketsjes folle mei guod lykas klean, boartersguod en hâldber iten wurde oanbean oan flechtlingen dy't yn Nederlân oankomme.

It WTC yn Ljouwert hat in hal beskikber steld dêr't de pakketsjes tusken alve oere moarns en fjouwer oere middeis ynlevere wurde kinne. Sa'n 50 frijwilligers nimme it guod yn ûntfangst en sortearje it. Moandei wurdt it dan ophelle troch it COA.

De aksje is begûn yn Amsterdam, mar wurdt no troch hieltyd mear stêden lykas Grins, Leiden en Den Haach oppikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)