Al of net skoalswimme?

25 feb 2006 - 11:57

It CDA yn Ljouwert fernuvert him oer in boekje mei de titel 'Zorg voor elkaar' dat útdield wurdt troch de PvdA yn de stêd. Yn dat boekje steane 10 foarstellen foar sûnenssoarch. It 8ste punt fermeldt dat it in goeie saak wêze soe om op alle basisskoallen it ferplicht skoalswimmen wer yn te fieren. De PvdA hat yn Ljouwert lykwols tsjin it skoalswimmen stimt.

Yn in brief freget de CDA oan Amerins Dikken fan de PvdA om opheldering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)