Al mear as 76.000 euro ophelle foar Norma's Universum

14 jul 2015 - 19:53
  • Koartsluting oarsaak brân

De stichting Dierenlot hat foar Norma Miedema yn Ferwert al mear as 76.000 euro ophelle. Dierenlot is ien fan de organisaasjes dy't nei de brân fan begjin juny mei in aksje begûn om Norma te helpen. De biste-opfang Norma's Universum gie troch de brân folslein ferlern. Tsientallen bisten kamen om it libben.

Neffens Jane van den Berg fan de stichting Dierenlot is der yntusken in nije lokaasje foar in biste-opfang op it each. Wêr't dat is wolle se noch net sizze.

It jild fan de stichting wurdt útkeard op it moment dat de nije lokaasje beskikber is. It wachtsjen is ek noch op it jild fan de fersekering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)