Al mear as 10 miljoen foar SR

24 des 2013 - 20:15
  • It Aldehousterstjerkhôf hielendal fol yn it ramt fan Serious Request
  • It Saailân mei it Glêzen Hûs op de lêste jûn

In bedrach fan tsien miljoen euro is yntusken binnen foar de 3FM aksje Serious Request. Dat is om acht oere bekendmakke. De aksje rint noch oant njoggen oere. Om seis oers stie it bedrach noch op 8.6 miljoen euro. Dat betsjut dat der yn twa oeren tiid sa'n oerdel miljoen euro bykommen is. Om njoggen oere giet de doar wer iepen foar de trije dj's yn it Glêzen Hûs. Serious Request hellet dit jier jild op foar it tsjingean fan diarree yn Afrika.

Sawol it Saailân as it Aldehoustertsjerkhôf stiet tiisdeitejûn hielendal fol mei minsken yn ferbân mei ferskate optredens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)