Al betiid drokte op Keningsdei mei aubade en frijmerk

27 apr 2015 - 09:46
  • Aubade yn Snits
  • Frijmerk yn Ljouwert
  • Frijmerk yn Ljouwert
  • Frijmerk yn Burgum

Yn Snits wie op Keningsdei betiid in aubade, organisearre troch de Oranjeferiening fan Snits dy't sûnt 1904 bestiet. Earder fersoarge de Blauhúster Dakkapel de muzikale begelieding, no waard dat dien troch de Putkapel. Earder op de moarn wie yn Lippenhuzen in Oranjebal mei in majesteitlik moarnsbrochje folge troch in kuier.

De frijmerk yn Ljouwert is ek al betiid begûn. De earste keapers wienen moarns betiid al op 'en paad om by it guod op de kleedsjes te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)