Al 750 dielnimmers foar Slachte

08 feb 2004 - 00:00

De Slachtemaraton hat de 750e dielnimmer ynskreaun. Dêrmei is it tal ynskriuwings heger as by de edysje fan 2000. Dat hat atletykferiening Horror fan Snits bekend makke. Dielnimmers kinne har no noch fjouwer moanne opjaan.

De organisaasje hopet dat der noch likernôch 250 dielnimmers bykomme. De Slachte stiet dan, wat it tal dielnimmers oanbelanget, yn de top 3 fan Nederlân. De maraton wurdt hâlden op sneon 12 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)