Al 70 suggestjes foar namme seal

16 jan 2006 - 12:24

Der binne by de gemeente Snits al 70 suggestjes binnenkaam foar de namme fan de nije boargerseal fan de Waltastins yn Snits. Dy seal is in nije iepenbiere romte dêr't fergaderingen, ûntfangsten en politike gearkomsten plakfine kinne.

De gemeente makke flak foar de jierwiksel bekend dat se op syk binne nei in namme foar dy nije seal. De gemeente wol net sizze watfoar suggestjes der dien binne. Ien skriuwer stjoerde in brief mei 35 mooglikheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)