Al 50 asylsikers op strjitte set

27 maaie 2004 - 00:00

Sa'n 50 útprosedearre asylsikers binne de ôfrûne wiken yn Fryslân op strjitte set. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Vluchtelingenwerk Fryslân. De útsettingen passe yn it belied fan minister Verdonk. Se wol de kommende jierren 26.000 asylsikers útsette.

De Feriening fan Fryske Gemeenten fynt de útsettingen net akseptabel. De feriening hat de Twadde Keamer al op de hichte brocht fan de útsettingen yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)