Al 4500 foto's by B-kentekens

15 jan 2014 - 16:26

Tusken 1906 en 1950 krigen alle auto's en motoaren yn Fryslân in eigen kenteken dat mei in B begûn. Op in spesjale webside hat Tresoar in register pleatst fan alle nûmerbewizen. By 4500 kentekens hat it histoarysk en letterkundich sintrum yn Ljouwert foto's pleatse kinnen en ek hast 800 ferhalen oer eigeners fan de âlde auto's en motoaren.

It projekt rint al in tal jierren en giet noch wol troch. Fan de 40.000 B-nûmers dy't útjûn binne, is no in tsiende part weromfûn.

De nûmerbewizen waarden ôfjûn troch de provinsje en wienen foar it libben oan de eigener jûn. By in nije auto hâlde de hâlder syn nûmer. Nei 1951 feroare dat en wienen de kentekens net mear oan de persoan bûn, mar hearden se by de auto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)