Al 400 klachten nei ien dei

23 jul 2003 - 00:00

Goed fjouwerhûndert harkers fan Omrop Fryslân ha tiisdei fia tillefoan en ynternet in klacht trochjûn oer de minne ûntfangst fan de radio. De measte klachten komme út it westen fan Fryslân en geane oer rûs op de stjoerder. Alle klachten wurde ûndersocht.

De aksje duorret de hiele wike. De aksje is in ferfolch op it koart pleit. De rjochter sei ferline wike dat de Omrop, Nozema en it ryk de klachten mei elkoar ûndersykje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)