Al 30 melkersfroulju oanmeld

23 sep 2008 - 15:13
  • Animo froulju boppe ferwachting

Al 30 froulju dy't melker wurde wolle hawwe har melden. Agrarysk útstjoerburo AB Fryslân hat noch mar in wike ferlyn in oprop dien foar ko-assistinten, mar de respons is no al mear as ferwachte.

De rol fan de boerinnen is op de measte boerebedriuwen wat mear op de achtergrûn rekke. Dêrtroch is der in grut tekoart oan melkers yn Fryslân. It melken fan kij kostet de boeren in hiel soad tiid, wylst de boer ek de rest fan it bedriuw runne moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)