Al 25 ljipaaien fûn

12 mrt 2012 - 16:59
  • In broedsje ljipaaien

Fryslân wurdt oerspield mei earste ljipaaien. Sûnt de fynst fan it allerearste aai, sneon, giet it rap. Op it stuit binne der 25 aaien fûn.

Der wurdt rûnom yn 'e provinsje socht. Yn fjirtjin gemeenten yn Fryslân binne no de earste ljipaaien fûn. Neffens it Bûn fan Fryske Fûgelwachten is it bysûnder dat sa gau nei it finen fan it earste aai safolle mear aaien fûn wurde.

Der mei socht wurde fan 1 maart oant 1 april. As it kwotum fan hast seistûzen aaien fol is, mei ek net mear aaisocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)