Al 25 klachten oer oplichter

16 aug 2007 - 14:51

De plysje hat al 25 klachten krigen oer de Ljouwerter oplichter(33), dy't minsken om jild freget mei in sielich ferhaal. De man is troch de plysje oppakt, neidat de plysje him belle. De man kaam doe frijwillich.

Woansdei warskôge de plysje foar de man. Hy kaam mei it ferhaal dat syn auto mei bern op de Ofslútdyk stie en dat er jild ha moast foar benzine. As er dat net krige brûkte er in mes. De man is yn 'e war, seit de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)