Al 20.000 besikers foar Animal Inside Out yn Natuurmuseum

01 nov 2015 - 11:57

Sneon wie de 20.000ste besiker by de tentoanstelling Animal Inside Out yn it Natuurmuseum Fryslân. Sûnt begjin oktober is de tentoanstelling te besjen. It binne gewoane en eksoatyske bisten dêr't net allinnich it bonkerak fan opset is, mar ek de ûnderhûdske spieren, organen en it senuwstelsel.

It is in ynternasjonale tentoanstelling dy't op trochdewykse dagen sa'n 400 besikers nei Ljouwert lûkt, en yn de hjerstfakânsje sels 1500 op in dei. De 20.000ste besiker wie in gesinslid fan de famylje Lück út Ljouwert.

Fan direkteur Gerk Koopmans krigen se in blomke, in katalogus en in abonnemint foar it Natuurmuseum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)