Al 130.000 euro foar Cambuur

18 nov 2005 - 00:00

De bel-aksje om Cambuur fan de ûndergong te rêden hat al 130.000 euro opsmiten. De aksje begûn woansdei en duorret noch seker twa wiken. Ek trainer Roy Wesseling en in pear spilers fan Cambuur binne dwaande mei it beljen fan bedriuwen. Dy bedriuwen krije foar 1000 euro twa seizoenkaarten.

Cambuur hat in skuld fan 8 miljoen euro en hat 6 ton nedich om it seizoen ôf meitsje te kinnen. As it bedrach net binnen komt, driget in fallisemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)