Al 13 supporters sûnder kaart

06 maaie 2012 - 12:27

De plysje hat snein om it middeisoere hinne al 13 Feyenoordsupporters sûnder kaartsje oanhâlden. De plysje kontrolearret op it stasjon fan It Hearrenfean en hâldt kontrôles by de ynfalswegen nei Hearrenfean. Dat soarget foar files.

Yn de gemeente Hearrenfean jildt in needferoardering om't grutte groepen Feyenoordsupporters sûnder kaartsje ferwachte wurde foar de wedstryd fan SC Hearrenfean tsjin de Rotterdamske klup. Der binne neffens de plysje ek sa'n 30 supporters sûnder kaartsje op de weromreis nei Rotterdam.

De oanhâlden supporters meie de wedstriid net sjen. Se bliuwe fêstsitten oant it lêste fluitsinjaal. Neffens de plysje wie de sfear yn it sintrum fan It Hearrenfean oan it begjin fan de middei gesellich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)