Al 11% fan de Friezen ha stimd

03 mrt 2010 - 12:09

De opkomst by de ferkiezings foar de gemeenteried liket yn Fryslân krekt wat heger te lizzen as it lanlik gemiddelde. It liket ek krekt wat heger as fjouwer jier lyn.

Yn Dongeradiel hie ein fan de moarn goed 13% stimd. Opsterlân hie om healwei alven in lytse 7%. Menameradiel folget it lanlik gemiddelde mei 10%. Yn Littenseradiel hat no 16% al stimd. Ljouwert hie om healwei tolven hast 10%. Yn Stiens hie al 25% stimd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)