Akwarel Jopie Huisman te keap

29 nov 2000 - 12:19

Foar it earst sûnt fiif jier wurdt wer in skilderij fan Jopie Huisman ferkocht. Huisman sels ferkocht syn wurk hast net, hy joech wol gau ris wat wei. By feilinghûs Baerveldt yn Drylts is no in pentekening ynbrocht, ynkleure mei akwarel.

De akwarel 'Zicht op de Workumer waarden' út 1985 sil nei ferwachting tusken de 15 en 18 tûzen gûne opbringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)