Akwadukten binnen budzjet

22 maaie 2008 - 21:20

De útfiering fan it Fryske Marreprojekt yn Wymbritseradiel is binnen it budzjet bleaun. Yn totaal ferspikeren de provinsje en gemeente 52 miljoen oan û.o. de oanlis fan nije akwadukten by Wâldsein en De Hommerts, de rûnwei by Heech en nije fytspaden.

It tekoart fan 1,8 miljoen dat ûntstie nei de oanlis fan de rûnwei fan Heech is fuortwurke troch meifallers by oare projekten. Doel fan it Fryske Marreprojekt is om de wettersport yn Fryslân in ympuls te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)