Akwadukt te plak fearn

29 aug 2014 - 07:37

It akwadukt foar de Heak om Ljouwert wurdt freed op syn plak fearn yn it Van Harinxmakanaal by Ritsumasyl. It akwadukt is 32 meter breed, 47 meter lang en 10 meter heech en weaget 12.000 ton. De betonnen akwaduktbak is de ôfrûne moannen boud yn in kûle oan de kant fan it kanaal. Begjin augustus waard dy kûle ûnder wetter set, sadat it akwadukt driuwe koe.

Mei lieren wurdt de bak freed te plak lutsen, wêrnei't de ballasttanks op de boaiem fuld wurde sadat it akwadukt sinkt.

Op twa rûnfeartboaten kinne minsken de wurksumheden fan tichtby folgje. De boaten lizze heaks op it kanaal oan beide kanten fan de boulokaasje. Op de boat binne boppedat projektmeiwurkers oanwêzich dy't antwurd jouwe op de fragen fan de minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)