Akwadukt Snits wer iepen

04 nov 2013 - 08:21

Troch it reinwetter hat it akwadukt by Snits yn de A7 moandeitemoarn efkes ticht west yn de rjochting fan De Jouwer nei Snits. De wetteroerlêst ûnder it akwadukt ûntstie trochdat de pompen útfallen wienen. Dat meldt Rykswettersteat.

Moandeitemoarn wiene monteurs fan Heijmans dwaande om de pompen te meitsjen. Wat de oarsaak fan it útfallen fan de pompen is, wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)