Akwadukt Skarsterrien mooglik

24 feb 2013 - 16:03
  • De brêge oer de Skarsterrien

Der binne dochs mooglikheden om binnen it budzjet fan it ministearje fan ynfrastruktuer in akwadukt oan te lizzen ûnder de Skarsterrien. CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe sil dêr by de behanneling fan de plannen in moasje oer yntsjinje. Koartlyn makke minister Schulz-Van Haegen bekend dat troch besunigings de plannen foar it akwadukt it jiskefet yn kinne. De Rouwe tinkt lykwols troch de provinsje ferantwurdlik te meitsjen foar it budzjet dat it folle goedkeaper oanlein wurde kin.

Dat sil fuortdaliks bliken dwaan as it wurk oanbestege wurdt, sa tinkt it CDA-Keamelid. Ek is it wurk goed foar it oanjeien fan de lokale ekonomy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)