Akwadukt-lobby net súksesfol

05 apr 2013 - 11:28
  • De A6

De Fryske lobby foar de oanlis fan in akwadukt yn de A6 ûnder de Skarster Rien smyt noch gjin mearderhied op yn de Twadde Keamer. Regearingspartijen VVD en PvdA bliuwe by it plan om de ryksbydrage fan 50 miljoen euro te skrassen. Moandei wurdt der hjir oer stimd yn Den Haach.

Deputearre Sietske Poepjes bliuwt besykjen om de Twadde Keamer te oertsjûgjen. Dêrby wurdt foaral de klam lein op de positive effekten op de wurkgelegenheid. Bouwers soene al hiel gau mei it wurk úteinsette kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)