Akwadukt Langdeel earder klear

09 maaie 2007 - 08:42
  • Dit binne de plannen (yn 3D) foar it akwadukt Langdeel

Op 19 maaie ride de earste auto's ûndert it nije akwadukt yn it Langdeel. It wurk oan it akwadukt yn de Wâldwei leit in ein foar op skema en dêrom kin de tunnel ûnder it Langdeel troch rom foar de simmer iepen steld wurde, yn plak fan dêrnei.

Yn it wykein fan 12 en 13 maaie wurde de op- en ôfritten asfaltearre. Dêrtroch kin der wat fertraging ûntstean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)