Akwadukt Drachtsterwei hiele wykein noch ticht foar ferkear

20 nov 2015 - 16:55

De provinsje hat noch it hiele wykein wurk om de problemen by it akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert op te lossen. Der stiet wetter oan de ferkearde kant fan de daamwand dêr't it nije akwadukt komme moat. Dat komt troch in lek yn de daam.

Dûkers ha yn de nacht fan tongersdei op freed it lek fûn, en se binne de hiele nacht dwaande west om it ticht te krijen. Foar de wissichheid binne de strjitten Weideflora en Stinzeflora ôfsletten foar autoferkear. Fytsers en fuotgongers kinne der wol del.

De provinsje ferwachtet dat de auto's der moandei wer lâns kinne. As de dûkers it lek tichtmakke ha, moat it wetter ek noch fuortpompt wurde. Dat kin wol even duorje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)