Aktivistekamp rêstich ferrûn

13 aug 2007 - 12:43
  • biste-aktivisten ûnderweis nei harren kamp

It trainingswykein foar diere-aktivisten yn Appelskea is rêstich ferrûn. Yn 't foar wiene omwenjenden en politisi benaud dat de aktivisten it wykein as in soarte fan trainingskamp foar it tarieden fan aksjes beskôgje soene. Mei dêrom hie de plysje it hiele wykein tsientallen plysjeminsken paraat stean.

De aktivisten wiene sûnt tongersdei op in kamping yn Appelskea. It kamp is moandeitemiddei dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)