Akteurs socht foar nije film

06 jun 2006 - 13:59

De Fryske filmmakker Steven de Jong siket trije jonge, ûnbekende akteurs foar syn film De Scheepsjongens fan Bontekoe. De roman giet oer trije freonen dy't meifarre op in VOC-skip. Skriuwer Johan Fabricius basearre syn boek op in skipssjoernaal fan VOC-skipper Willem Ysbrantz Bontekoe.

Doel is om ein dit jier te begjinnen mei de opnames. De haadrol wurdt nei alle gedachten spile troch Peter Tuinman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)