Akteur Romke de Leeuw (83) ferstoarn

15 jun 2015 - 14:33
  • Akteur Romke de Leeuw ferstoarn

De Fryske akteur Romke de Leeuw is stoarn. De Leeuw wie jierrenlang akteur en regisseur by Tryater. De Leeuw begûn pas op lettere leeftyd in karrière as akteur. Doe't er 44 wie, makke er fan syn aktearhobby syn wurk. Earder wie hy automonteur en spile er by it amateurselskip Rjucht en Sljucht. By Tryater spile hy hast 40 foarstellings. Ien fan de hichtepunten wie Gust, in monolooch regisseard troch Ursul de Geer.

Romke de Leeuw is sneon yn de âldens fan 83 jier ferstoarn yn syn wenplak De Tynje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)