Aksjewike Littenseradiel om âlderein yn beweging te krijen

16 apr 2016 - 10:47

Yn Littenseradiel begjint sneon in aksjewike om âlderen te stimulearjen om mear te bewegen. Alle senioaren yn de gemeente binne útnûge om mei te dwaan. Dêrfoar binne der aktiviteiten organisearre yn de soarchsintra Nij Dekama yn Weidum en Nij Stapert yn Wommels.

Sa kin der meidien wurde oan falprevinsje, kuierjen, dûnsjen, gymnastyk, keatsen en âld-Hollânske spultsjes. Alle ûnderdielen binne fergees tagonklik. It projekt 'Mei-inoar Aktyf' is in mienskiplik inisjatyf fan de aktiviteitebegelieding fan Nij Dekama en Nij Stapert.

Ek de buertsportcoach fan de gemeente Littenseradiel sit yn de organisaasje. De earste aktiviteit is sneontemiddei yn Wommels. Yn Nij Stapert wurdt dan ballroomdûnsjen organisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)