Aksje:smoarch wetter net loaze

20 jul 2011 - 11:29

Wettersporters kinne har smoarch wetter kwyt by in boat fan de provinsje. De aksje 'Stop lozing afvalwater, lekker fri(es)' is tiisdei yn Dokkum begûn en rint twa wiken. De boat fart troch de provinsje.

Meiwurkers freegje omtinken foar it gebrûk fan de smoarchwettersystemen. It is by wet ferbean om de wc, dûs en spielbak fuortstreame te litten op it bûtenwetter. Dat moat yn in tank en dy kin lege wurde yn de havens. In soad boatsjeminsken dogge dat noch net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)