Aksjesintrum al om 5 oere iepen

14 okt 2004 - 10:20

Yn Ljouwert is tongersdei al fan 5 oere ôf in aksjesintrum iepen fan de fakbûnen. Doel is dat de dielnimmers oan de staking yn it iepenbier ferfier har dêr ynskriuwe kinne. As lokaasje foar it aksjesintrum hawwe de bûnen keazen foar sealesintrum Onder de Luifel foar it stasjon oer.

De staking is útroppen foar sawol it trein- as busferfier. Stakers kinne har op ferskate plakken registrearje litte by oanwêzige fakbûnsminsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)