Aksjes yn de glêstúnbou

15 apr 2006 - 09:55

Undernimmers yn de glêstúnbou sille kommende wike aksje fiere tsjin de hege enerzjyprizen. De prizen binne sa bot omheech gongen dat hûnderten bedriuwen yn de glêstúnbou yn de problemen komme. Yn Fryslân giet it om sa'n 15 bedriuwen.

LTO Noord en brânzje-organisaasje Glaskracht wolle no mei in grutte manifestaasje yn Bleiswijk de polityk derfan oertsjûgje dat der wat barre moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)