Aksjes tsjin lege garnalepriis

25 sep 2008 - 17:09
  • Fiskersskip yn Lauwerseach

Fiskers komme yn aksje tsjin de lege garnalepriis. Fiskers út Wieringen lizze al foar de wâl. Freed sille de fiskers fan Lauwerseach de aksjes beprate. De priis fan 'e garnalen is al in skoft sa leech dat de fiskers der net fan bestean kinne.

De fiskers fan Lauwerseach binne net fiis fan aksjes, mar se fine dat de Wieringers earst lid wurde moatte fan in koepel, de produsinte-organisaasje. Sa kinne se 'as ien man' optrede nei de hannel ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)