Aksjes by touringcar-bedriuwen

14 feb 2004 - 00:00

By touringcar-bedriuwen yn Fryslân, Grins en Drinte komme aksjes. Takom wike tongersdei is troch de fakbûnen útroppen ta aksjedei. De ûnderhannelingen mei de wurkjouwers foar in nije cao binne fêstrûn.

De bussjauffeurs út it Noarden kinne har tongersdeitemoarn sammelje yn Grins foar it gebou fan FNV-Bondgenoten. Fan dêrút geane de ploegen by de ferhierbedriuwen yn it Noarden del om aksje te fieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)